
Public-domain ebook
Twiljocht-teltsjes: Maerkes
Language: fy369 downloads on Project Gutenberg
Subjects
In: Short Stories·Children & Young Adult Reading·Mythology, Legends & Folklore
Public-domain ebook sourced from Project Gutenberg #73915.

Public-domain ebook
Language: fy369 downloads on Project Gutenberg
Subjects
In: Short Stories·Children & Young Adult Reading·Mythology, Legends & Folklore
Public-domain ebook sourced from Project Gutenberg #73915.
The opening · free to read
IT MEARKE FEN DE TRIJE EINEPYLTSJES.
Der wierne ris trije einepyltsjes, dy swommen mei inoar yn ien greate poel, alle trije krekt en allike great en alle trije hiene hja sidene manteltsjes om fen fearkes. Jouns den naem in moai bûnt ropeintsje se ûnder de wjukken en gyng mei hjar yn ’e wal sitten ûnder de wylgenbeam en moarnsier, as de hearlike sinne opgyng yn ’t Easten, den kipen de lytse kopkes al wer ta memme plûm út. Hja wierne alle trije krekt en allyk fen komôf en klean en ienselde greate poel wie hjar wrâld en ûnder ien en diselde memmewjuk hiene hja hjar thús.
Hja waerden greater en de âldste krige in krol yn ’e nekke. Hy woe der op út, de wrâld fen ’e poel wie him fierst to lyts, der bistie noch in greatere, dy-t hy net koe en dochs sjen woe. Syn mem siet neist him yn it lange simmergêrs en rette it him ôf. En syn migen en sibben kamen, éarken lyk as hy, mei wirdige kroantsjes op ’e kop en moddereinen en bergeinen, in hiel gearset en kwêkjende hâlden se him it biswierlike fen syn plan foar. Hy skodholle allinne mar en op in moaije simmermoarn do fleach hy foart en waerde wei yn ’t kleare blau fen de loft as in nietich wyt stipke, it herte fol plannen, droegen op ’e wjukken fen langstme.
It lytse ropeintsje hâldde nou noch mar twa berntsjes mear oer. Dy waerden ek great en like moai as mem alear west hie; it iene wie in éarke mei in brún fewielen buiske oan en ’t oare wie nei de mem útskaeid, och sa ’n ljeaf lyts ropeintsje wie it. En jouns krûpen hja mei hjar trijen efter it âlde hout op in skobbe strie forside en der slepten hja den de hiele lange soele simmernacht. Mar op in duer koe de brune éarke der gjin frede mei ha, det ientoanige libben hinge him de kiel út en yn oerlech mei syn mem frege hy de wiisten fen syn folk om ried. It waerde der nou in hiele poel fol greaten en lytsen en hy dreau yn ’t foarmidden om en harke dernei, hwet de âldsten en ’e wiisten seine en nei de ried fen syn mem, hwent der roan hy fier mei. Hy scoe der den ek mar ris op út, mar earst woe hy wissichheit ha, det hy gjin ongemak hâlde scoe en hy bitocht him noch wiken lang en do-t hy einliks op reis gyng, wist hy goed it paed en hofolle as ’t koste en hwer goefrjeonen wennen. Syn mem brocht him oan ’e mar ta en do bleau hja der de hiele middei op in driûwtille sitten, as hy ek noch werom komme scoe. Mar hy hie him goed bitocht en noch ris wer bitocht... hy liet de moedfear net sa gau hingje.
De tredde bleau by mem. De wrâld fen ’e poel wie hjar greaternôch; hja hie gjin langstme nei it ûnbikende en gjin kreft genôch yn ’e wjukken om fierder to fleanen as hjar foarsaten. Yn dy greate poel, der hja sels lyts west hie, dreauwne letter ek hjar einepyltsjes om hjar hinne en hja hat noait fierder west as yn ’t boutúntsje fen ’e boer en op ’e strjitwei, as de ikels foelen by ’t hjerst.
It ropeintsje, det se ienkear alle trije ûnder hjar wjukjes kûstere hie, waerde âld en losfearrich en joech hjar nei sitten en iten yn ’e smoute fen ’e sleatswâl. Mar sims, as der hiele kloften wylde einen foarby fleagen, sloech hja de wjukjes ek noch wol ris efkes út en bisochte om hjar op to jaen, sa ’s by âlds. Mar sei! de âlderdom hie hjar wjukken koárt, hja floddere allinne mar mear in eintsje boppe de groun om en it blau fen ’e loft bleau oneinige fier boppe hjar! O hwet scoe se oars graech hjar bern yn ’e mjitte fleane wolle, dy-t om fierrens tein wierne en ring werom komme moasten, hwent it waerde hjerst.
Einliks... der droech de Súdwesterstoarm de âldste wer nei hûs ta, oansketten en bloeddrich kniesd. Hy kaem thús om to stjerren... Hy wiste nou alles, alles fen ’t libben en ’e wrâld, mar fen al syn hoop en moed en kreft, hwer hy mei foarttein wie, naem hy neat oars wer mei nei hûs as in hertewoune, dy-t him de dea dwaen scoe, dy earme fûgel, dy-t heech flein wie en tofolle leauwd hie oan alles, hwet moai en goed wie yn ’e greate wrâld.
En syn âlde mem gyng mei him nei it fierste plakje ta yn ’e reiden en der naem hja him noch ris wer ûnder ’e wjuk, krekt as ’r in lyts pyltsje wie en sa is hy stoarn.
...Do-t de beanhearre ek oer in greate mar waeide, bigoan de foarsichtige om hûs to tinken. It wie nou al lange jierren lyn, sont hy syn mem sjoen hie, hy woe ek noch wol ris oer ’e poel driûwe, der ’t hy berne wie. Hy wie in ryk man waen yn ’e frjemdte en in wiis man en ’e tûkste jager krige him net ûnder skot, yn ien wird, hy hie it fier brocht yn ’e wrâld en wie de baes oer in hiele femylje fen lytsen en greaten. Al wie ’t ek noch sa lang lyn, hy wist it paed noch wol nei hûs ta en op in goede dei, do fleagen se op, it hiele lytse fearre folkje. Underweis die hy ek noch hwet hânnel en bistelde as in foarsichtich man plakken for de weromreis. Hy wie fet waen en eptich en eigenwiis en do-t se tichte by hûs kamen en hy al de plakjes út syn jonkheit werom seach, waerde hy der net iens oars fen.
De goede dagen dêrre yn ’e frjemdte hiene it ljeaflike oantinken oan syn âldershûs útwiske.
En do-t de hiele smite yn ’e poel delstreake, fielde syn âlde mem det. It die hjar sear en hja is stil wei-waen yn ’e reiden, hwer hjar âldste bern fen syn lange reis en syn lijen útrêstte.
JENNEPUT.
Der wie ris in âld wyfke en dy hie neat oars as ien lyts geitsje. Sniewyt wie ’t mei kliene skonkjes en moaije tinne earkes en goedlike eachjes en it hjitte Jenneput. Ho-t it sa kaem, det it Jenneput hjitte, wit ik net, mar de saek lei der sa ta.
It âld wyfke wenne hielendal allinne op de heide en Jenneput wenne der by hjar en mocht boartsje, hwer ’t ’r mar woe, mar jouns den kaem ’r oan in grou tsjur mei in spit fen izer en den moast ’r op it hiemke bliûwe. Hy stie den wol ris op syn efterste poatsjes en blêdte in skoft earmoedich, mar it âld wyfke liet him betien en skoatele de doar en gyng op bêd. En Jenneput joech him den ek al gau del yn ’e smoute fen ’t âld hok en yn ljochtmoanne waer like syn wite feltsje suver in klobke snie, as ’r sa oprôlle yn in hoekje lei.
En moarns, o hwet wie ’r bliid, as de frou der oan kaem mei ’t môlkammerke! Hy bislikke hjar hânnen en roek oan hjar rôk en skripte krekt sa lang, as ’r de bûse foun ûnder de skelk en syn timpe brea. En mei syn lytse wite biterkes pluze ’r it den lekker op en stie sa stil as in mûske. Den kaem it spit út de groun en ’t tsjur los en Jenneput sprong mei in swaei op it striebultsje efterhûs en postuerde him der sa mâl, det it âld wyfke glimke der fen. Laeitsje koe se net mear, det hie it leed hjar forleard.
Op in goede dei sei se tsjin Jenneput: „Nou moat ik hjoed de hiele dei foart. Fêstsette kin ik dy net, dû scoest dy forhingje kinne en yn ’t hok is ek gjin dwaen fenwegen de waermte. Ik scil dy dos frij rinne litte. Scilst gjin geitsjekwea útheve en fetsoenlik thúskomme, as ik dy joun rop?”
Jenneput nikte earnstich mei syn lyts hierrich kopke. „Ik scil net ûndôgens wêze,” ûnthjitte ’r mei bliid geblêdt, „en bliûwe by honk.”
De frou pakte de geitesyskes yn ’e braskoer en it wjirmkrûd en ’e balsem en ’e hounebeistal en ’e kamilleblommen, hwent hja wie in krûdesykster fen hjar affearen en joech hjar ôf yn ’e moaije moarn. De fûgels songene om hjar hinne, de sinne skynde op hjar âld tipmûtske en yn ’e sleat, hwer hja by lâns roan, hearde hja it gerissel fen in einemem mei pilen yn ’e rûchte fen ’e ûnderwâl. En it roek ’r, it roek ’r! alle hearlike geuren fen ’e maitiid op ien stuit!
’t Ald wyfke bleau efkes stilstean to sjen, in lyts minskje yn ’t wiid rounom fen wetter, loft en ierde, alles yn syn aldermoaijste toai. Ticht oan hjar lâns yn in wiid wetter sylde in skip mei in wyt seil en in flagge yn top en fierder ôf kamen ’r noch twa oaren oan, ien mei in brún en ien mei in sangen seil, sa moai as ’t wyfke noch noait sjoen hie. De wyn blies der yn en nou stie it út yn al syn pracht en der bigoan fen ’e mêst in wimpel to waeijen, in goudene. lt wyfke seach hjar de eagen hast út de holle en roan sa hird as hja koe, nei det wide wetter ta. De braskoer wipte op en del en de skoen rekken der by út...
Sa stie hja der by de wâl en seach det keninklike skip foarby farren mei syn tugaezje fen poarper en goud en syn touwen fen klearebare side... En hja seach der mar ien man op, in greate, swiere, swarte man oan ’t roer. En fenwegen al dy hearlikheit rekke hja alhiel oerstjûr en hja wiûwde mei hjar hân nei dy man oan ’t roer in bliid goe-moarn!
En hy wiûwde werom, ta twaris ta, mar syn antlit bleau stoef. En it skip waerde wei oan ’e ljochte einder en it wyfke joech hjar ôf en prakkeseare hjar hast staf, hokker reizger det wol wêze koe, dy-t der sa ier yn de moarn op ôfstiek mei sa ’n pracht.
Lang om let—hwent o it wie sa ’n ein! kaem se yn ’e stêd en forkoft de tsyskes en ’e krûden en laedde do de braskoer fol mei winkelwaren en in pak kjersen en Jenneput, der koft se in boskje lekkere, swiete woarteltsjes for. En sa skonke se wer nei hûs, aerdich stadiger as yn ’e hinnereis, hwent hjar âlde skonken waerden warrich fen ’t ein gean.
De sinne wie al ûnder, do kaem se thús. De skelfink fluite yn ’t hôfke, poeke rekte him út yn ’t finsterbank en kaem bliid miaukjend op hjar ta en streake om hjar hinne. Mar Jenneput, hwer wie dy? Nearne to sjen en hja koe oars fier sjen, hwent de neiste bûrljue wennen wol in healûre fen hjar ôf.
„Jenneput!” rôp hja binaud. Mar och, hjar âld lûd droech net fier mear. En hja rôp noch ris om Jenneput en noch ris, mar it moaije wite geitsje seach se op gjin fjilden noch wegen. Hja dronk in pear swolchjefollen môlke en biet yn it boltsje, mar hja koe ’t iten der hast net trochkrije. Hja smiet de skoen út en skoerde de heakken en oezen fen ’t nije jak by twaën en trijen los, it âld jak oan en de klompen, sa roan se it lân út, om Jenneput to siikjen.
Earst nei ’t poeltsje, der boarte ’r faken ef lei ’r op ’e knibbeltsjes by to drinken. Neat. Do nei de dyk, det wie al sa ’n boartershoekje. Utriden oan alle kanten fen syn foetsjes, selst de beamwoartels bleat en de tûken keal fretten, mar gjin Jenneput Op ’t lêst nei ’t spjirreboskje, hwer ’r faek om middei hinne syn hael socht yn ’t skaed. It waerd der al tsjuster ûnder ’e hege beammen en foksen en wezelingen seagen hjar al mei greate kralerige útsljipte eagen oan, krekt as laken hja hjar út, mar gjin Jenneput to bikennen. Do waerde it hjar krappernôch en hja bigoan to skriemen, dêr lykme allinne yn ’e greate bosk mei hjar yneine trochroanne foetten.
En hja gyng bidrukt werom en gûlende op bêd en sleepte Jenneput syn tsjur en tou mei yn ’e hûs en roek ’r oan as hwet ljeafs. Krekt as roek se it sêfte wite lyfke en aeide de hierkes en seach him yn ’e ljeave goede eachjes. Mar Jenneput sels wie der net mear, by syn âld frou.
De oare deis socht se al wer en die neifraech by de bûrljue. Dy makken hjar der sahwet ôf en hja wie in snoad wyfke, dy-t wol wiste, hwer Abram de moster weihelle hie en hja tocht hjar eigen. En dy nachts gyng hja net op bêd, krige al hjar jild út it kammenet, stiek in brogge mei spek yn ’e bûs en in pear apels for de toarst en ear ’t de dage oer ’e loft gyng, sette se de stap derûnder nei de fiere, greate stêd ta. Gjinien fen de bûrljue hie hjar sjoen, dy wierne loai, dy leine noch op ien ear. En sa gyng hja nei de fiere greate stêd, der it hjoed wykmerkdei wêze scoe en tocht om neat oars as om Jenneput.
Reading is always free
The full text is free. Sign up to keep reading with every scene drawn and each character a consistent portrait.